Close Menu
    Facebook LinkedIn Instagram RSS
    Nieuws uit Fryslân
    • Nu in de winkel: het novembernummer van Friesland Post
    0513 - 68 33 14
    Facebook LinkedIn Instagram RSS
    Friesland Post
    • Nieuwsrubrieken
      • Algemeen
      • Cultuur
      • Eten en drinken
      • Natuur
    • Win
    • Magazine
      • Edities
      • Oplossingen puzzels insturen
      • Oplossingen puzzels controleren
      • Lezerfoto’s insturen
      • Tip de redactie
      • Adverteren
    • Abonnementen
    • Webshop
    Word abonnee
    Tip de redactie
    0 Shopping Cart
    0 Shopping Cart
    Friesland Post
    Word abonnee
    • Abonneren
    • Adverteren
    • Veelgestelde vragen
    • Klantenservice
    Home»Cultuur»Frysk Boekefeest, ôftraap Fryske Boekewike 2023
    Cultuur

    Frysk Boekefeest, ôftraap Fryske Boekewike 2023

    Onze redactieDoor Onze redactie2 november 2023Bijgewerkt op:2 november 20232 minuten leestijd
    Facebook Twitter Pinterest LinkedIn Tumblr Email

    No freed 3 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn dûnsskoalle Saco Velt yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2023. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Hiltje yn Pella’ fan Anita Terpstra presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 4 o/m 12 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst 15,00 euro oan Fryske boeken by jo boekhannel. Op snein 12 novimber kinne jo mei it Kadoboek fergees reizgje yn de bussen en treinen fan Arriva yn Fryslân.

    Anita Terpstra (Hallum, 1974) skreau dit jier it Kadoboek foar de Fryske Boekewike. Ferline jier ferskynde fan har it famyljeportret ‘Al mijn moeders’, in konfrontearjende oade oan sân generaasjes froulju fan De Harkema. Yn de Fryske Boekewike jout de skriuwer op ferskate plakken yn de provinsje lêzingen oer har boeken en yn it bysûnder it Kadoboek.

    Anita Terpstra | Foto: Jacob van Essen

    Kadoboek ‘Hiltje yn Pella’

    Hiltje Aukes Sipma út Boarnwert emigrearre yn 1847 mei har man en harren seis bern nei Amearika. De hoop op in better libben, yn ekonomysk en religieus opsicht, dreau it pear nei it lân fan de ûnbegrinze mooglikheden. Yn de steat Iowa stichten se, mei achthûndert oare Nederlanners, it stedsje Pella.

    Fergees troch Fryslân reizgje op fertoan fan it Kadoboek

    Op snein 12 novimber kinne jo op fertoan fan it Kadoboek – mei in koartingskoade fia de Boekewikewebside fan Arriva – fergees reizgje yn de bussen en de treinen fan Arriva yn Fryslân. Mear ynformaasje oer de betingsten en de koartingskoade is te finen fia: arriva.nl/boekewike.

    De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek en docht dat troch it opsetten fan kampanjes, it organisearjen fan gearwurkingsaktiviteiten en mei projekten lykas de Fryske Boekewike, de Berneboeke-ambassadeur, de Sutelaksje en Dichter fan Fryslân. Mear ynformaasje oer Boeken fan Fryslân op boekenfanfryslan.frl.

    Lêzings Kadoboek 2023

    – Snein 5 novimber, 15.30 oere, Podium Gorter, Balk
    – Woansdei 8 novimber, 20.00 – 22.00 oere, dbieb, Stiens
    – Tongersdei 9 novimber, 19.30 – 21.30 oere, ‘De Tiid’, Boalsert
    – Freed 10 novimber, 19.30 – 21.30 oere, Bibliotheek It Hearrenfean

    Alle lêzings binne fergees tagonklik.

    Bibliotheek Friesland Friesland Post Frysk Frysk Boekefeest Fryske Boekewike Fryslân Kadoboek lezen thús yn fryslân
    Delen: Facebook Twitter Pinterest LinkedIn Tumblr Email
    Vorig artikelGratis naar het museum in Zuidwest Friesland
    Volgend artikel Open Dagen bij Dorcas Winkel Bolsward
    Gerelateerde berichten

    Nu in de winkel: het juninummer van Friesland Post

    Nu in de winkel: het meinummer van Friesland Post

    Uniek slaapfeestje in Natuurmuseum Fryslân

    Laat een reactie achter Cancel Reply

    Boekentip: SKS jubileumboek
    • SKS jubileumboek “Der moat syld wurde!”Toevoegen aan winkelwagen

      SKS jubileumboek “Der moat syld wurde!”

      Boeken € 24,95
    Lezerfoto's
    Deel jouw eigen foto van Friesland nu
    Deze maand in de Friesland Post
    31 oktober 2025

    Novembereditie 2025

    Rubrieken
    • Algemeen
    • Cultuur
    • Eten en drinken
    • Natuur
    Lezers
    • Tip de redactie
    • Lezerfoto’s insturen
    • Oplossingen puzzels insturen
    • Oplossingen puzzels controleren
    Contact
    • Abonneren
    • Adverteren
    • Veelgestelde vragen
    • Klantenservice
    Over ons

    Friesland Post is hét magazine van Friesland, dat twaalf keer per jaar verschijnt. Iedere editie van het tijdschrift Friesland Post staat vol met unieke artikelen over de meest uiteenlopende onderwerpen.

    Volg ons op:

    Facebook X (Twitter) Instagram RSS
    Friesland Post is een uitgave van Van der Let & Partners
    • Algemene voorwaarden
    • Privacyverklaring
    • Privacyinstellingen
    • Sitemap

    Typ hierboven en druk op Enter om te zoeken. Druk op Esc om te annuleren.