Tsien aardige weetsjes oer Joure

0

It is gjin stêd, it is gjin doarp, it is in…. Vlecke! We hawwe it fansels oer Joure (De Jouwer). In vlecke is in plak dat te grut is om as doarp beneamd te wurden, mar gjin stêdsrjochten hat. Lês hjirûnder 10 aardige feiten oer dit bysûndere plak!

Witsto dat:

1. Joure yn de fyftjinde iuw untstien is op in sânrêch?

2. Joure skynber yn 1466 foar it earst neamd is as ‘opter Heuwere’?

3. Joure yn de twadde helte fan de sechstjinde iuw útwreide is yn de rjochting fan it eardere Westermar? Doe ûntstie de hjoeddeistige Midstrjitte.

4. It eardere Westermar yn 1954 feriene waard mei Joure?

5. De eardere R.K. Bonifaciusskoalle in ‘gongskoalle’ wie? It gebou datearret út 1927.

6. It earde pakhûs rûn 1905 boud is nei ûntwerp fan J.H. Borger?

7. De oarsprong fan Douwe Egberts yn Joure leit? Egbert Douwes begûn nammentlik yn 1753 mei it oprjochtsjen fan syn, no sa ferneamde, kofjebedriuw.

8. Joure eartiids aardich wat faklju ta har beskikking hie? Tink hjirby oan gieljitters (kopergieters), klokmakkers, skipsbouwers, meubelmakkers en sulversmeden.

9. In tal wen- en winkelpannen yn Joure datearje út it begin fan de twintichste iuw?

10. Joure no 13.000 ynwenners hat?

Delen:

Reacties